Ilse Noorman wer
Snein 1 juni wûn Ilse Noorman de earste priis yn Jirnsum op de frije formaasje partij yn de kategory Famkes. Ilse keatste mei Margit de Groot út Sint Anne (links) en Margriet Bakker út Winsum (rjochts). In moaie opstekker foar it kommende jier, want dan sil se by de dames grif faker yn de frije formaasje keatse.
In dei earder op sneon 31 maaie wûn Boukje Aalbers wer de kranse by de dames senioaren yn Achlum. Afke Kuipers begjint in abbonemint te krijen op tredde prizen. Hja wûn sneon in tredde priis op de dames haadklasse partij yn Snits.
Geplaatst op 03 June 2008